Fryske bands iepenje Wâldrock

© Omrop Fryslân
De twa Fryske bands Katafalk en Devoted to hate binne tafoege oan it program fan Wâldrock. Dêrmei is it program fan 15 bands rûn. De Fryske bands jouwe op de beide poadia de ôftraap. Earder waard al bekend dat ûnder oare Iron Maiden, Him, Type O Negative en Sepultura komme.
Katafalk makket death-trashmetal. Begjin dit jier kaam it earste album út. Devoted to hate spilet hardcore en bestiet sûnt 1994. Wâldrock is 21 juny.