Twadde edysje fan FeRs

30 apr 2003 - 00:00

Wa wurdt Frysk kampioen foardragen? Yn De Lawei yn Drachten is 16 maaie foar de twadde kear it festival FeRs. Der dogge sechtjin basisskoallen oan mei.

De wikseltrofee wurdt ferdigene troch It Pertoer út Weidum. Jonges en famkes út groep 7 en 8 drage fersen foar fan Baukje Wytsma, Eppie Dam, Jelle Bangma, Akky van der Veer en Tiny Mulder. De sjuery bestiet út Leny Dijkstra, Romkje Bosma en Jurjen van der Meer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)