Ferkearsmaatregels Surhústerfean

30 apr 2003 - 00:00

Frachtauto's meie tenei net mear yn it winkelsintrum fan Surhústerfean komme nei 13.00 oere. De ladende en lossende frachtauto's soargen geregeld foar opstoppings. De trochstreaming moat sa better wurde.

It wie earst de bedoeling dat it ferbod nei 10.30 oere jilde soe. De middenstânsferieninghat keas foar dizze tiid. De feriening pleite earder foar it ynstellen fan in blauwe sône, mar dat woe de gemeente net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)