Underkuolle nei omslaan boat

30 apr 2003 - 00:00

Seis minsken út Purmerend binne tiisdei ûnderkuolle rekke nei't harren boat omsloech op 'e Fluessen. Ek in hûn rekke yn 't wetter. De drinkelingen binne opfiske troch in foarbykommende sylboat. Op de fêstewâl kamen se al gau wer by.

De iepen motorboat wie omslein om't er dwers op in weach fear. Op camping De Kuilart yn Koudum stie foar de wissichheid in ambulânse klear. De brânwacht hat de omsleine boat ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)