Veendam en Heerenveen út elkoar

29 apr 2003 - 00:00

SC Hearrenfean en Veendam wurkje net mear mei elkoar. Sûnt 2000 wurken de fuotbalklubs gear op it mêd fan technyk en organisaasje. It smiet net it winske risseltaat op. Dat is nei in evaluaasje konstatearre sûnder dat partijen elkoar wat ferwieten.

Dit seizoen spilen noch twa spilers fan de Fryske klub, Max Houttuin en Mark van Eijk, op hierbasis foar de earste divisjonist. De kontakten bliuwe tusken beide klubs wol bestean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)