Blijenhof hat te min romte

29 apr 2003 - 00:00

Hospitium De Blijenhof yn Burgum hat ferline jier hast 850 minsken ôfwiisd. Dat is sechtich prosint fan it tal oanmeldingen. Se koenen der net telâne om't der te min romte is.

De Blijenhof fersoarget krisisopfang foar minsken dy't om psychyske of sosjale problemen op strjitte stean. In grut part streamt binnen in pear wiken troch. Utwreiding fan de kapasiteit slagget inkeld mei mear jild, mar dêr is noch gjin tasizzing foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)