Asbest op kuierpaad Tsjerkwert

29 apr 2003 - 00:00

Der is asbest fûn op it kuierpaad by Tsjerkwert. Om krekt te wêzen neist de Trekfeart tusken Tsjerkwert en de opfeart nei Dedzjum. De gemeente Wûnseradiel hat it paad fan 290 meter ôfsletten. De gemeente lit ûndersykje hoe grut de fersmoarging is. Undúdlik is hoe't de asbest der kaam is.

Ferline jier soe de melding fan asbest al dien wêze, doe is der neat fûn. Doarpsbelang trunet der by de gemeente op oan dat de asbest gau opromme wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)