Rampeplan nedich foar Waad

© Omrop Fryslân
Der moat in rampeplan komme foar de Waadeilannen. Dêrmei kin in eventuele oaljeramp goed bestriden wurde. Dat is ien fan de belangrykste konklúzjes fan it rapport fan it kongres Zwart Getij.
Alle ynstânsjes dy't in oaljeramp bestride moatte, ha op it kongres mei-inoar praten. De konklúzjes binne moandei presinteard. De Waadeilannne ha tasein mei de oanbefellings oan de slach te gean.