Ljouwerter Bosk moat tagonkliker

28 apr 2003 - 00:00

De Ljouwerter Bosk moat better tagonklik wurde. Dat skriuwt de fraksje fan de PvdA oan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert. Ljouwert hat sûnt in pear jier in bosk, dat hieltyd mear op in echt bosk begjint te lykjen en dêr't ek hieltyd mear minsken gebrûk fan meitsje.

Op dit stuit rint der allinnich in dyk fan betonplaten trochhinne. Oare paden binne der net. Dat soe oars moatte, sa skriuwt de PvdA oan B. en W.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)