Plan fan oanpak foar Vleckehûs

28 apr 2003 - 00:00

In saneamde oanjager moat de brûkers fan multyfunksjoneel sintrum De Vlecke yn Surhústerfean helpe om gear te wurkjen. Dat stiet yn it plan fan oanpak dat makke is om de problemen mei it Vleckehûs op te lossen.

Neffens de opstellers fan it plan giet it foar in part om oanrinproblemen dy't faker foarkomme by it opsetten fan multyfunksjonele sintra dêr't meardere sintra mei-elkoar gearwurkje moatte. Ek sil it gebou oanpast wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)