Bôle as behang

© Omrop Fryslân
Kunsthuis Syb yn Beetstersweach lit yn de útstalling 'Reale Butterbrote' stikken bôle sjen. Dineke Oosting út Grins en Anja Teske út Berlyn ha romtefoljende projeksjes makke fan stikken smarde bôle. Se wurde fertoand op de muorre, flier en it plafond. Besikers kinne in stik bôle útkieze dy't se opite meie.
It is it earste projekt fan de twa keunstners dy't as Maxi&Moritz wurkje. De útstalling wurdt woansdei iepene.