Iepen dei fan keatsbûn KNKB

© Omrop Fryslân
Keatsbûn KNKB hâlde sneon foar de earste kear yn 'e skiednis in iepen dei. Op trije plakken yn Frjentsjer wiene aktiviteiten: op it Sjûkelân, yn sporthal De Trije en by de keatsmuorre op rekreaasjepark Blomketerp. Der wiene keatsdemonstraasjes, in sportmerk en trainings foar jongerein en bern.
It keatsbûn wol op dizze wize de sport mear ûnder de oandacht bringe. De iepen dei moat in jierlikse tradysje wurde.