Ynformateurs teloarsteld

25 apr 2003 - 00:00

De ynformateurs dy't in nij kolleezje fan Deputearre Steaten foarmjouwe binne teloarsteld dat de besprekkingen mei de FNP mislearre binne. Neffens har is it misrûn op lytse details.

FNP'ers fine it spitich dat de partij net meidocht oan it kolleezje. Dochs is der ek tefredenheid dat de partij har prinsipes net opjûn hat. Der komt no wer in kolleezje fan PvdA, CDA en VVD. Dy partijen foarmje no ek it kolleezje en wiene it freed gau wer iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)