Medisinen foar ûntsmetters

25 apr 2003 - 00:00

Meiwurkers fan in Drachtster skjinmakbedriuw dy't wurksem binne yn de fûgelpestgebieten, krije ekstra medisinen. Dit nei oanlieding fan de dea fan in feedokter it ôfrûne wykein.

Fjirtich meiwurkers fan Holwerda Cleaning Combinatie binne dei en nacht yn tou yn de besmette gebieten. Se binne warber mei douchekabines wêryn minsken harren ûntsmette moatte. It is de meiwurkers no ferplicht steld om ekstra medisinen te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)