Bölstler werom nei Dútslân

25 apr 2003 - 00:00

It Dútse fuotbaltalint Manuel Bölstler sil dit seizoen net mear yn aksje komme by Cambuur. Omdat Cambuur gjin jild hat om Bölstler in kontrakt oan te bieden is de Dútser yn syn heitelân op syk gien nei in nije klub mei tastimming fan Cambuur.

As it Bölstler net slagget om in oare klub te finen is er nei de simmer wer fan herte wolkom by Cambuur. Bölstler spile it ôfrûne seizoen op amateurbasis yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)