Feilige skoalle yn Snits
Snits wol de skoallen yn 'e gemeente feiliger meitsje. Foar 1 miljoen euro wurdt in tal feilichheidsprojekten opset. De gemeente moat soargje foar de gebouwen fan iepenbiere en bysûndere skoallen.
Yn en oan dy gebouwen moatte ekstra foarsjennings troffen wurde foar brânfeiligens en tsjin legionella. Yn de gemeente Snits binne twintich skoallen dy't op koarte termyn oanpakt wurde moatte.