Yllegale camping moat fuort

© Omrop Fryslân
Boer Blanksma fan Winaam ferset him net tsjin de sluting fan 'e yllegale kamping op syn hiem. De gemeente Harns wol dat de twintich karavans ferdwine. De Dútsers dy't dêr wenje wurkje by Frisia sâltwinning.
Blanksma fynt net dat er in yllegale kamping hat, mar in karavanstalling. De Dútsers sizze dat se gjin tiid hawwe om in oar plak te sykjen. Boppedat soe in echte camping te folle jild kostje en te fier fuort wêze fan it wurkplak.