Bilgaard yn aksje foar wyk

© Omrop Fryslân
In wykpanel, jongerewurk, in sport- skoalle en oare wolwêzenorganisaasjes sille gearwurkje foar in feiliger en noflik Bilgaard. Bilgaard en de Frijheidswyk binne probleemwiken yn Ljouwert. It binne de saneamde sosjaal- ekonomyske efterstânswiken, dêr't in soad minsken mei hiel ferskillende achtergrûnen wenje.
De organisaasjes sitte yn it nije wykgebou fan Bilgaard oan de Tylkedam.