Thialf net brânfeilich

24 apr 2003 - 00:00

IIsstadion Thialf is net brânfeilich en de gemeente It Hearrenfean sjocht dat foarearst troch de fingers. It stadion sit yn finansjele problemen en hat gjin jild om it gebou oan te passen. Wol hat de gemeente mei de direksje ôfpraat dat de needútgongen yn oarder wêze moatte. As der mear jild is, moat der in sprinklerynstallaasje komme. Oant dy tiid hâldt de brânwacht tafersjoch yn 'e grutte hal en de iishockeyhal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)