Gjin ynspraak oer besunigings

24 apr 2003 - 00:00

Ynwenners fan Wymbritseradiel meie net meiprate oer de besunigings fan 'e gemeente. In foarstel fan de PvdA foar in iepenbiere harksit helle it net yn in kommisjegearkomste.

Boargemaster en wethâlders wolle mear as in miljoen besunigje. De gemeente kriget in legere bydrage fan it Ryk en dan is der minder finansjele earmslach. Der binne sechstich foarstellen foar besuniging dien. De gemeenterie sil dêr op 13 maaie oer gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)