Toanielpriis foar Romke Toering

24 apr 2003 - 00:00

De Fedde en Martha Bergsmapriis foar Frysk toaniel giet dit jier nei Romke Toering. Hy krijt de erkenning foar it stik Baarderlân oer de delgong fan de feehannel. It stik waard it ofrûne jier mei in soad sukses spile troch Tryater.

De Fedde en Martha Bergsmapriis wurdt ien kear yn 'e trije jier útrikt. Dêroan is in bedrach fan 700 euro ferbûn. De priis wurdt op 11 maaie útrikt yn teaterstudio De Bres by De Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)