Oanhâlding falske strippekaarten

© Omrop Fryslân
De plysje fan Grinslân hat trije manlju oanhâlden yn ferbân mei de falske strippekaarten dy't de lêste tiid ek yn Fryslân opdûke. De bussjauffeurs fan Arriva kinne se amper fan echt ûnderskiede.
Ien fan de fertochten waard oanhâlden doe't er besocht de strippekaarten te ferkeapjen. It giet om in 35-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak. It is noch hieltyd net dúdlik wêr't de ferfalskingen makke wurde