Wer iis yn Thialf yn de simmer

© Omrop Fryslân
Thialf krijt ek dit jier wer simmeriis. Fan 14 oant en mei 28 juny leit der iis yn it iisstadion op It Hearrenfean. It iis wurdt foar in grut part betelle troch it reedridersbûn en de kommersjele ploegen. De wedstriidriders begjinne yn juny al wer mei de training.
Rekreanten kinne middeis en jûns gebrûk meitsje fan de baan. As ôfsluting fan it simmeriis wurdt snein 29 juny de wedstriid om de Thialf Zomer Cup riden.