Aksje foar mear ferloskundigen

23 apr 2003 - 00:00

Soarchoanbieders yn Fryslân ûndernimme aksje om fluch mear ferloskundigen te krijen. Der binne seker tsien ekstra nedich om de soarch op peil te krijen. Guon regio's hawwe no al in grut tekoart. Dêr kinne froulju faak net mear thús befalle.

Om de ferloskundigen nei Fryslân te krijen is it wichtich har mear frijheid te jaan by de ynfolling fan it wurk. Sa is parttime wurkjen yn tsjinst fan in praktyk no ek mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)