Japanners op besite yn Bûtenpost

© Omrop Fryslân
In delegaasje út Japan komt moandei 19 maaie nei Achtkarspelen. It selskip út Ikeda wurdt ûntfongen op it riedshûs yn Bûtenpost. De gemeente hat al in pear jier kontakt mei Ikeda.
De Japanners wolle mei de Friezen prate oer in freonskipsbân. Ald-boargemaster Schmidt is ek by de besite oanwêzich. Hy hat it kontakt opset en wie yn 2000 yn Ikeda. De Japanners wienen trije kear earder yn Achtkarspelen.