FPC: mear jild fan leden nedich

© Omrop Fryslân
Twahûndert euro moatte de leden fan it Frysk Hynstestamboek betelje om it hynstesintrum yn Drachten te rêden. Dat sizze de sân kandidaat-bestjoersleden dy't tiisdei har plan presintearren. Yn ruil dêrfoar soenen de leden oandielen ha moatte.
De sân leden stelle har freed beskikber om de saken finansjeel op oarder te krijen. Om it bedriuw sûn te meitsjen soe it inkeld foar hynste-eveneminten brûkt wurde moatte.