Boek fan jubilearjende Afûk

© Omrop Fryslân
'Ik woe dat ik in Drint wie', dat is de titel fan in boekje dat de Afûk útjout. De Afûk bestiet dit jier 75 jier en by de gelegenheid dêrfan ferskynt de jubileumútjefte. It is skreaun troch Rients Gratama mei yllustraasjes fan Carla van der Heijde. De foarmjouwing is dien troch Gert Jan Slagter.
Elkenien dy't yn maaie in Frysk boek keapet, krijt it boekje 'Ik woe dat ik in Drint' der fergees op ta. Der binne 7.500 eksimplaren printe.