Heineken slacht peal by Drachten

23 apr 2003 - 00:00

Heineken hat tiisdei de earste peal slein foar in nij distribúsjesintrum oan de A7 by Drachten. It gebou wurdt yn jannewaris 2004 oplevere. De festigingen fan de bierbrouwer yn Grins en Grou slute dan.

Drachten leit sintraler foar de trije noardlike provinsjes en dat skeelt yn de frachtkosten. Heineken hat mear as 2500 klanten yn Noard-Nederlân. De hûndert meiwurkers kinne gewoan bliuwe, se moatte inkeld wat fierder ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)