CSK ûndernimming fan it jier

© Omrop Fryslân
It bedriuw CSK Food Enrichment BV út Ljouwert is tiisdei útroppen ta Fryske Undernimming fan it jier 2002. Dy priis wurdt alle jierren útrikt oan de Fryske Undernimming dy't ynnovaasje en kreativiteit heech yn it findel hat.
Neffens de sjuery hat de suvel-yngrediïnteprodusint CSK de priis fertsjinne om't it bedriuw goed is yn it finen fan nije ôfsetmerken. Boppedat wurdt by produktûntwikkeling goed oparbeide mei ûnderwiisynstellings.