Twa oeren parkeare foar 20 sint

22 apr 2003 - 00:00

De parkearautomaten op de Foarstreek en De Tunen yn Ljouwert steane net goed ôfsteld. De automaten akseptearje munten fan 20 eurosint. Dêrfoar kinne minsken mar leafst twa oeren parkeare.

It trúkje wurket allinnich as de munten waarm binne, dus as se bygelyks út de broeksbûse komme. De automaten binne fan Taxameter Nederland BV. De leveransier sil meikoarten nei de parkearmeters sjen en it probleem ferhelpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)