Enkête feiligens yn 4 gemeentes

22 apr 2003 - 00:00

De gemeentes Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân wolle tenei mei inoar kriminaliteit en fandalisme oanpakke. Fan tongersdei ôf krijt ien op de trije húshâldings in enkête yn de bus.

Ynwenners kinne dêryn oanjaan wat sy ûnfeilige plakken fine yn harren doarp of wyk. De fjouwer gemeentes sille de resultaten brûke om in mienskiplik plan te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)