Beammen om by Coopersburg

© Omrop Fryslân
Yn Akkrum binne tiisdei trettjin âlde popelieren omseage. De hast santich jier âlde beammen stienen yn de tún by wenkompleks Coopersburg. Dat is dêr in ieu lyn delset troch Kuiper, in man dy't yn Amearika ryk wurden is, mar syn berteplak net ferjitten wie.
De beammen wienen ôf en soargen foar gefaarlike sitewaasjes. Mei stoarm kamen tûken nei ûnderen. De beammekap is it begjin fan in grutte opknapbeurt fan de tún fan Coopersburg.