Antyfiraal middel foar feedokter

© Omrop Fryslân
Bistedokter Jan de Boer fan Ryptsjerk nimt maatregels no't in kollega ferline wike nei alle gedachten ferstoarn is troch de fûgelpest. De Boer is sûnt maart aktyf by de rûmings fan plomfee yn de Gelderse Vallei en Limburg.
De 57-jierrige dokter út Rosmalen rekke dea troch in longûntstekking wêrby't it fûgelpestfirus yn de longen siet. De Boer nimt dêrom gjin risiko's mear. Hy sil no alle dagen in anty-firaal middel slikke. Oant no ta hie er dat net dien.