Fjochterij op rocknight-festival

20 apr 2003 - 00:00

In 31-jierrige man út Easterbierrum is sneontenacht oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dat barde nei in fjochtpartij op in rocknight-festival yn Menaam.

De Easterbierrumer wie troch befeiligingsminsken fan it festival yn in taksy set om't er de hiele jûn ferfelend wie. De man hie ek in 22-jierrige doarpsgenoat yn it gesicht trape. Doe't omstanners har dermei bemuoiden, hat de plysje de man oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)