Jonge triengasspuiter oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed in jonge (15) út Haulerwyk oanhâlden. Op de merke yn Drachten hie er ferskate minsken mei triengas bespuite.
Nei't oaren de dieder oanwiisd hienen, koe de plysje achter him oan. Hy siet op dat momint yn in botsauto en pakte krekt syn buske mei triengas om wer ien te bespuitsjen. De jonge ûntkaam. Mei oare merkegongers koe de plysje de jonge lang om let te pakken krije. Hy is nei it plysjeburo oerbrocht.