Anker tsjin radardetektoaren

19 apr 2003 - 00:00

Advokaat Wim Anker, ien fan de Fryske bruorren, hat yn Den Haach lobbyd. Ut namme fan twa Nederlânske bedriuwen dy't detektoaren meitsje, is er it net iens mei it ferbod op radardetektoaren yn auto's. VVD en LPF stelle nije wike fragen oan de minister fan Justysje.

As de polityk net om lyk wol, begjint Anker in proefproses. De oerheid moat earst de neidielen ûndersykje, foar't it ferbod op de detektoaren ynsteld wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)