Prinsipe-akkoart himmel-cao

© Omrop Fryslân
Der liket in ein te kommen oan de stakings fan de treinskjinmakkers. Der leit no in prinsipe-akkoart mei wurkjouwersorganisaasje OSB. Dêryn mei de wurkjouwer net mear iensidich it tal oeren yn it kontrakt fan de wurknimmer feroarje. Foar de treinskjinmakkers is ôfpraat dat se tenei 7 persint better betelle wurde as no it gefal is.
FNV Bondgenoten hat hast trije moannen aksjefierd foar in better cao.