Kooyenga-groep sponsort De Kast

© Omrop Fryslân
De Kooyenga-groep yn Dokkum sil it konsert fan popgroep De Kast yn Riis op 14 juny stypje. De band hat sels it fersyk dien by direkteur Romke Kooyenga. Se wolle sa de tagongspriis foar it konsert leech hâlde.
De Kast hat nei it konflikt mei âld- manager Klaas de Jong net in soad finansjele earmslach mear. De band beweart dat de sponsoring fan Kooyenga dêr neat mei te krijen hat. Kooyenga krijt no foarrjochten by Kast-konserten.