Faaks berneopfang by fleanbasis

© Omrop Fryslân
By de yngong fan de fleanbasis Ljouwert komt mooglik in bernedeiferbliuw. De inisjatyfnimmers út Stiens wurkje sels op de fleanbasis en ferwachtsje dat ek kollega's mei bern dy dêr ûnderbringe sille. It giet om in kommersjeel inisjatyf, mei plak foar 48 bern en wurk foar tsien oant tweintich minsken.
Wolstânskommisje Hûs en Hiem hat tongersdei lykwols de bouplannen foar de opfang ôfkard. It ministearje fan VROM sil der ek noch nei sjen.