Taryfproef by bibleteken

© Omrop Fryslân
De bibleteken fan Opsterlân en It Bilt binne úteinset mei in proef dy't it lienen fan boeken leuker meitsje moat. Minsken kinne tenei kieze hokker soart abonnemint se wolle. De ferskillende tariven dy't der by hearre rinne fan 2,50 oant sa'n 60 euro yn it jier.
Wa't in bytsje lient, kin foar it lege taryf kiezen, mar moat per boek dan bybetelje. As it systeem oanslacht, wurdt it yn de hiele provinsje ynfierd.