By Poiesz ek 'freonlike' aaien?

© Omrop Fryslân
Supermerk Poiesz is ree om te stopjen mei de ferkeap fan lisbatterijaaien. As de konsumint dat wol, dan stoppet Poiesz der sa gau mooglik mei. Oant no is der lykwols noch hieltiten fraach nei, sa seit de direksje.
Poiesz is ien fan de lêste ketens fan supermerken dy't de lisbatterijaaien noch ferkeapet. Tongersdei makke de Aldi bekend de bisteûnfreonlike aaien net langer te ferkeapjen. Ek C1000 en Albert Heijn dogge dat al net mear.