Skot yn formaasje

18 apr 2003 - 00:00

Der sit aardich skot yn de formaasje fan in nij kolleezje foar Deputearre Steaten. CDA, PvdA, FNP en VVD binne it foar it grutste part iens oer ynhâld en tekst fan in akkoart foar it nije bestjoer.

Neffens ynformateur Timmermans is der oerienstimming oer sa'n 95 prosint fan de ûnderwerpen. Oer de sweeftrein binne de partijen it noch net iens. Dêr kin de formaasje noch op stikken rinne. Woansdei wurdt der fierder praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)