Fertochte HIV-saak frijlitten

© Omrop Fryslân
In man út Ljouwert dy't yn 2001 foar deaslach feroardiele is ta fiif jier sel, is tongersdei frijlitten. De Ljouwerter wie feroardiele omdat er in jonge ferkrachte hie, wylst er wist dat er it HIV-firus hie.
De man stapte dêrop nei de Hege Ried. Dy hat no bepaald dat der net genôch bewiis is dat de Ljouwerter him der fan bewust wie dat syn slachtoffer grutte risiko's rûn. De saak moat no op 'e nij foarkomme.