'Gjin jild foar it Nedersaksysk'

17 apr 2003 - 00:00

Minister Remkes fan ynlânske saken is net fan doel om mear jild út te lûken foar it fersterkjen fan 'e posysje fan it Nedersaksysk. Remkes is der net fan oertsjoege dat hjir draachflak foar is by de befolking en de lokale oerheden, sa skriuwt er oan de keamer.

Remkes reagearret op in fersyk fan taalorganisaasje SONT, dy't om mear jild frege. Remkes fynt dat de gemeenten en de provinsjes earst sels mei de taal oan de slach moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)