'Gjin jild foar it Nedersaksysk'

17 apr 2003 - 00:00

Minister Remkes fan ynlânske saken is foarearst net fan doel om mear jild út te lûken foar it fersterkjen fan 'e posysje fan it Nedersaksysk. Remkes is net oertsjoege fan it draachflak foar it stypjen fan it Nedersaksysk by de befolking, sa skriuwt er oan de keamer.

Remkes reagearret mei it brief op in fersyk fan taalorganisaasje SONT, dy't om mear jild frege. Remkes fynt dat de gemeenten en de provinsjes earst sels mar mei de taal oan de slach moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)