Ferkeap hierwenten fermindere

© Omrop Fryslân
De ferkeap fan hierwenten troch Fryske wenningboukorporaasjes falt de lêste tiid bot ôf. Hast allegear melde se in fermindere entûsjasme by hierders om har eigen wente oer te nimmen. Fierders bliuwe in soad hierders sitten wêr't se sitte.
Dêrtroch komme hast gjin hierwenten frij en kinne korporaasjes dy wenten ek net ferkeapje. Foar de Fryske wenning- boukorporaasjes is de ferkeap fan hier- wenten gjin wichtige ynkommensbron.