Mielservice skrast adressen
Maaltijdservice Fryslân skrast mei yngong fan maaie in tsiental ûnrendabele adressen yn it Westen fan de provinsje. Minsken dy't te fier fan de besoarchrûtes ôf wenje, sille tenei gjin miel mear krije, omdat it oars te djoer wurdt.
De service hopet sa 20.000 euro te besparjen. Wol sille se besykje om foar de âlderen dy't bûten de boat falle, iten te regeljen fia bedriuwen yn it doarp.