Hannel yn weidfee mei aanst wer

© Omrop Fryslân
De hannelers op de feemerk yn Ljouwert meie oer 14 dagen wer weidfee keapje en ferkeapje. Dat hat de fêste keamerkommisje fan Lânbou besletten. De hannel yn weidfee waard twa jier lyn oan bannen lein as gefolch fan de tongblierkrisis.
Op de feemerken waard allinnich noch slachtfee ferhannele. Fryske feehannelers wykten dêrom út nei België om harren fee te keapjen en te ferkeapjen.