Plak socht foar teateroargel

17 apr 2003 - 00:00

Frou Tiemersma fan Ljouwert siket in bestimming foar har teateroargel fan 1914. It oargel waard foarhinne brûkt foar it begelieden fan stomme films. Frou Tiemersma har man Taco kocht it 40 jier tebek en spile der faak op. Mar no't har man ferstoarn is siket frou Tiemersma om in nij plak foar it oargel, by foarkar yn Ljouwert.

Der binne mar trije fan sokke teateroargels yn Nederlân. It teater- en filmmuseum hat belangstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)