Jan From 'yllegaal' steatelid

© Omrop Fryslân
It Steatelid Jan From fan it CDA is offi-sjeel gjin Steatelid. De eed dy't hy ôflein hat by syn ynstallaasje doocht net, From hie de tekst net goed oerset.
From die syn eed yn it Stellingwerfs. Kommissaris Nijpels belle him in pear dagen nei de ynstallaasje om te fertellen dat dat net goed gien wie en dat From dus eins offisjeel noch net yn de steaten sit. Yn april krijt From in herkânsing.